Words,words,words

Indian Summer

De jūn,
In readhūd,
Sit foar de wigwam fan de nacht te smoken,
En rikket de prairy en bosken fol skimer.
Dan nimt er syn rūnstjūnige kano,
De moanne,
En set koerts oer de grutte stjerrestream
Nei de blinkende mar fan de moarn,
Dźr’t de himel syn frede yn spegelt.

—

Sjoerd Spanninga (1906-1985)

De samle fersen fan Sjoerd Spanninga; Fryske Akademy, Ljouwert; ISBN 906171743

Top