Words,words,words

Te Harns

Goethe die in reis nei Italië en Rilke nei Ruslân,
En as in oar minske kamen hja werom.
Ik haw op myn âlde dei nei Harns ta west;
In oar minske koe ik net wurde, mar ik haw stien op it heechste fan ’e bolwurkstún –
In jonge matroas siet op in bank en twa âlde kapteins kuieren it paadsje lâns.
Djip seach ik del op ’e skippen yn ’e stêdsgrêft en de beammen fan ’e bûtensingel;
Ik rûkte de tarlucht en wol eat fan ’e see – en alheel deselde bin ik net bleaun.
Ik haw de Noarderhaven sjoen en it Noardies; hoe rom wie it – en hoe âld!
De platanen fan ’e Foarstrjitte wienen wat beknobbe, mar goed liken gelokkich de nije.

Dit wie de earste stêd, dy’t ik jong kennen haw;
Hjir kamen wy troch as wy mei Ypke nei Easterbierrum rieden,
En by Beitschat moasten wy oan.
De reade liuwen parearje noch by de brêge, mar Tsjerk Hiddes stiet as nije stiennen man oan ’e havenkant.
Tsjerk Hiddes, Tromp, De Ruyter!
En wêrom hawwe hja de sifers 16 hûndert set op al dy moaie pakhuzen?
De haven leit ljocht en iepen mar op it havenplein hingje de swarte manlju om.
As wy omkeare hearre wy de Ato oer de strjitten razen.
Hollân! de see! de see!

Obe Postma (1868-1963)

Obe Postma, Samle fersen; Friese Pers Boekerij, Ljouwert; ISBN 9033005344
Obe Postma, Van het Friese land en het Friese leven - Fan it Fryske lân en it Fryske libben; Meulenhoff, Amsterdam; ISBN 9029056142

Top