Ein
Noch in boek mei wat sangen; wat witnisspul
Ut ālde brief beskreaun?
Mear kin ik net wachtsje; de oere giet,
De dream is hast ferdreaun.
Fier oer de bergen it ljocht dat ea
Ut fergūne sinne blonk;
Troch de beammen in rūzjen fan ivichheid,
Dźrt al wat wie fersonk.
Ferstoarne geslachten wźzens skyn
Stiet būten tiid en stee.
De weagjende siele naam har op;
Sa jou dy oer oan de see.
Obe Postma (1868-1963)
Obe Postma, Samle fersen; Friese Pers Boekerij, Ljouwert; ISBN 9033005344
Obe Postma, Van het Friese land en het Friese leven - Fan it Fryske lān en it Fryske libben; Meulenhoff, Amsterdam; ISBN 9029056142
