Words,words,words

De bjirk

Ik bin in beevjende bjirk yn ’e simmerwinen,
Neaken en jong en sûnder ferwar
En mar ien langstme trochhuvert myn sinen:
Ienris de wylde omearming te finen
En ien te wêzen mei simmerwinen
En terane yn har,
De rimpen ruters, dy’t de simmer liede
Ta syn heechste en ljochtste wei.
O, triljend myn trêften harren te bieden
En yn har ivigens te ferblieden
En mei te waaien oer de ierde,
Ien oere, ien dei.

Freark Dam (1924-2002)

 

Top